Oer ús

Slightly Shifted bestiet út in groep freonen út Fryslân. De leden fine it allegeare geweldich om mei har eigen ynstrumint muzyk te meitsjen. Al gau wie der dan ek it idee om in band te begjinnen. Troch de ûnderskate ideeën dy’t der wiene om dat te berikken, duorre dit efkes. Deselde ideeën soargen der lykwols ek foar dat de band wurden is wat it no is. Mei’t wy hieltyd faker mei inoar spilen en op inoar ynspile rekken begûn de groep muzikaal mei inoar te ferbinen. Wy begûnen elkoars muzieksmaak te wurdearjen en begrepen elkoars miening better. Sa is ús band tige ûnderskaat yn styl en spylje we alles fan rock oan folk.

De band bestiet op it stuit út seis leden. Mei dizze seis leden wurdt der alles oan dien om nûmers te meitsjen en te spyljen dy’t elkenien wurdearret. Elkenien wol sjen litte wat hy of sy kin en dêrom besykje wy yn elk liet elk ynstrumint optimaal te brûken. Op dize wize hat elkenien by elk liet in stikje om grutsk op te wêzen. Muzyk is de taal dy’t wy allegeare prate en dizze ûnderfining wole wy mei de wrâld diele. De band is tige ambisjeus. Wy binne ea begûn om’t it in aardige manier wie om tiid tegearre troch te bringen, mar no wolle wy ek serieus mei muzyk dwaande wêze. Wy belibje allegeare in soad wille oan it meitsjen fan muzyk en dat gefoel wolle wy graach mei elkenien diele.

Besjoch repertoire

Bandleden

Debora Albada

"Your voice is a gate that leads to something deep in your heart"

Edser Apperloo

"Don't play with just your hands, play with your heart. For only then your music sounds perfect"

Abe Brandsma

"Behind every sentence and every note there is a meaning"

Maarten Jorna

"I have a guitar"

Joost Hobma

"Music without bass is like socks in sandals. One could, but it's ridiculous"

Coos Kruisenga

"No building can stand without a foundation, no band without a drummer"

Repertoire

Artyst

Nûmer

Sjenre

Foto’s

+

Jamsession - Swaentje Balk - 08-01-2016
Photos by Alec Meijerink

+

PWStival - Bogerman Sneek - 02-12-2016
Photos by Marsha Zeldenrust and Lotte Vlietstra

Kontakt

Ha jo in fraach of in opmerking? Meld it ús hjir:

* * * *

Of nim op in oare manier kontakt op:

+31 612211114

info@slightlyshifted.nl